Slotdei WK allround op Thialf

23 mrt 2014 - 12:56

Op Thialf giet om 13.00 oere it WK allround foar manlju en froulju wer fierder. It begjint mei de 1500 meter foar froulju en manlju. Lette ride de froulju dan noch in 5 kilometer en de manlju de 10 kilometer. By de froulju stiet Ireen Wüst fier foar, se hat op de nûmer twa Skokova al mear as 5 tellen foar. Yvonne Nauta stiet nei de earste dei op it 9e plak, mar hat noch kâns op in hegere klassearring. By de manlju is it spannender, Koen Verweij stiet earste, mar it ferkil mei Jan Blokhuijsen is mar 0,8 sekonde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)