Loop Leeuwarden oer nije dyk

By de start fan Loop Ljouwert © Omrop Fryslân, Remco de Vries
De kuierders dy't op 18 maaie meidogge oan LOOP Leeuwarden hawwe dit jier in unike rûte. Sy meie nammentlik oer de nije westlike ynfalsdyk fan Ljouwert rinne. Spesjaal foar it kuierevenemint is de nije dyk tagonklik foar fuotgongers. Wethâlder Koster hat dat bekend makke.
It evenemint wurdt dit jier foar de achtste kear hâlden. De organisaasje ferwachtet 7000 dielnimmers, dy't ferskillende ôfstannen drave of kuierje sille. De kuierders starte dit jier bûten Ljouwert en rinne dan op de stêd ta, de finish is foar elkenien ûnder de Aldehou.