Man út De Falom slim ferwûne

© ANP XTRA
In 43-jierrige autobestjoerder út De Falom is sneon op de provinsjale dyk by it Brabânske doarp Chaam slim ferwûne rekke troch in frontale botsing mei in oare auto. Yn totaal rekken fjouwer minsken ferwûne by it ûngelok, wêrûnder de 43-jierrige Fries.
De plysje tinkt dat de man mei syn auto yn de berm rekke is en dêrtroch de macht oer it stjoer ferlear mei de botsing as gefolch. Ut bloedûndersyk hat bliken dien dat de man nei alle gedachten alkohol dronken hie. Hy is mei in traumahelikopter nei it sikehûs brocht.