SC Hearrenfean ferspilet winst

22 mrt 2014 - 23:28

Sportklup Hearrenfean hat sneon mei 2-2 lykspile tsjin NEC. De Feansters stienen lang mei 2-0 foar, mar joegen de oerwinning yn in strieminne wedstriid dochs noch út hannen. Yn de earste helte kaam Hearrenfean op foarsprong troch Bilal Basacikoglu. Flak foar it skoft makke hy mei in goeie solo de 1-0. Fia in strafskop fan Alfred Finnbogason kaam Hearrenfean op 2-0. Yn de twadde helte joech de ploech fan Marco van Basten de foarsprong dochs noch fuort. Michael Higdon en Søren Rieks soargen foar in einstân fan 2-2.

Hearrenfean krige nei it skoft grutte kânsen om fierder út te rinnen, mar Hakim Ziyech en Kenneth Otigba rekken de latte. Alfred Finnbogason skreau mei syn goal histoarje. Troch syn doelpunt is hy no topskoarer fan alle tiden by Hearrenfean mei 48 goals. Dêrmei hat hy it rekôr fan 47 goals fan Gerald Sibon ferbrutsen.

Troch it lykspul bliuwt Hearrenfean sechsde, mei 44 punten út 29 wedstriden.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)