Bedriuwsbrân yn Akkrum

22 mrt 2014 - 20:36

De brânwacht is sneontejûn oproppen foar it blussen fan in brân yn in bedriuw oan de Kromme Sane yn Akkrum. De brân ûntstie om ûngefear 19.15 oere, nei alle gedachten yn in boat dy't yn de bedriuwsloads stie. De korpsen fan Akkrum, Grou en Tsjalbert binne nei de brân stjoerd, ek waard der in heechwurker fan de brânwacht yn Ljouwert ynset.

Sa'n oardel oere letter koe de brânwacht it sein 'brand meester' jaan. Hoe grut de skea is is noch net dúdlik. Der soene meardere boaten, mar ek âlde auto's en in caravan yn de loads stien ha.

By de brân kaam in soad reek frij, dy soarge foar hinder op de sneldyk A32.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)