Ferwûnen by ûngelok Ofslútdyk

22 mrt 2014 - 17:03

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is sneontemiddei in auto oer de kop slein. Dêrby binne twa minsken ferwûne rekke. It giet om de 31-jierrige bestjoerder en syn 26-jierrige passazjier, beide út Den Haag. Sy binne mei in ambulânse nei it sikehûs oerbrocht. Der wiene gjin oare auto's by it ûngelok belutsen. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Ofslútdyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)