ONS net opwoeksen tsjin HHC

Topklasser ONS Boso Snits hat sneon mei 3-1 ferlern fan HHC. Yn Hardenberg kamen de Snitsers goed út de startblokken. Martijn Roosenburg sette ONS betiid yn de wedstriid op foarsprong. Lang duorre de foarsprong net, want it thúspublyk koe nei 13 minuten de lykmakker fiere. Krekt foar rêst pakte HHC de lieding.
Yn de twadde helte rekke ONS de kontrôle kwyt en stie de Snitser ferdigening ûnder grutte druk. In eigen doelpunt fan Chris de Wagt smiet de wedstriid yn it slot foar ONS.
De ploech fan trainer Bert Hollander bliuwt troch it ferlies stykjen op 35 punten út 25 wedstriden en sakket dêrmei fan it sânde nei it tsiende plak.