Drachtsters ûnderút tsjin DETO

22 mrt 2014 - 16:36

Drachtster Boys hat sneon teloarstellend mei 2-1 ferlern fan de nûmer lêst DETO. Op sportpark Drachtster Bosk hie de ploech fan trainer Fred de Boer in strieminne start. Al nei ien minút stie de treffer foar de gasten út Vriezenveen op it boerd. Foar rêst wreide DETO de foarsprong út nei 2-0. Yn de twadde helte kaam Drachtster Boys werom mei de oanslutingstreffer fan Regillio Holder. Sicco Bouwer wie tichtby de lykmakker, mar fergeat te skoaren.

De ploech fan trainer Fred de Boer bliuwt mei 25 punten út 21 wedstriden stean op it 7e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)