Soer ferlies foar Harkiten

Harkemase Boys kin nei it soere 2-0 ferlies tsjin Genemuiden de efterfolgingsrace op koprinner ACV stake. Yn Genemuiden begongen de Harkiten goed. Robin Huisman de Jong en Johnsen Bacuna wiene tichtby de 1-0. Yn ekstra tiid foar rêst krige Klaas Schotanus in reade kaart.
Lang wisten de Boys nei rêst mei 10 man de nul te hâlden, yn de 77e minút makke Genemuiden dochs de iepeningstreffer. Slaanderij mei it publyk en in reade kaart foar Jasper Valentijn makken de druven ekstra soer foar de Harkiten. Ut in strafskop makke Genemuiden de 2-0.
Spilers en staf fan Harkemase Boys wienen nei ôfrin min te sprekken oer de skeidsrjochter. Njonken de twa reade kaarten foar de spilers waard ek trainer Willem Brouwer fuortstjoerd.
Harkemase Boys bliuwt troch it ferlies stean op 38 punten út 21 wedstriden en sakket dêrmei fan it tredde nei it fjirde plak. Koprinner ACV ferlear ferrassend fan WHC mar bliuwt boppe-oan stean op 44 punten. Flevo Boys kaam troch de 4-2 winst op VVOG op 42 punten en stiet twadde. Genemuiden klimt nei it tredde plak mei 40 punten.