Ljouwerter binnenstêd griener

In groep bewenners fan de Ljouwerter binnenstêd is sneon dwaande mei it griener meitsjen fan de Nieuweburen. Yn it ramt fan de lanlike frijwilligersaksje NLDoet wurde neist 47 parkearplakken en yn sân geveltunen lytse hagen en oar grien plante.It projekt is opset troch it Wykpanel Binnenstêd en it Groene Vinger Netwurk.
Foar de doar fan it frijwilligers-servicepunt wurdt ek in lytse tún oanlein. It punt hat op it stuit iepensteande fakatueres foar minsken dy't helpe wolle om iepenbiere tunen te ûnderhâlden.