Romme oerwinning Feanfroulju

22 mrt 2014 - 13:20

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed mei 6-1 wûn fan KAA Gent. Op sportpark Skoatterwâld sette Daniëlle Kuikstra de Feanfroulju al nei 5 minuten op foarsprong. Ut in hoekskop kopte Yvonne Ploeg nei in goed healoere de 2-0 yn it net. Maruschka Waldus soarge mei in strafskop foar de 3-0. Dyselde Waldus brocht de stân foar rêst op 4-0.

Nei rêst wist Gent wat werom te dwaan en kaam yn de 48e minút op 4-1. Dêrnei wie it op 'e nij Hearrenfean dat it fizier op skerp hie. Yvonne Ploeg en Charissa Burgwal tekenen foar de romme winst.

De ploech fan trainster Jessica Torny stiet no mei 37 punten út 19 wedstriden op it fjirde plak yn de BeNe League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)