Soarch wol gjin studintestop

22 mrt 2014 - 13:18

De Fryske soarchsektor sit net te wachtsjen op in studintestop foar soarchopliedings. De lêste jierren is der in soad wurk ferset om krekt mear studinten te krijen. De groei is no lykwols sa grut dat de Fryske mbo's it dreech hawwe om genôch staazjeplakken te finen.

Der wurdt oer neitocht om takom skoallier gjin nije studinten mear ta litten op de opliedings, wylst der oer in pear jier in tekoart oan soarchmeiwurkers ferwachte wurdt.

Trefwurden: 
soarch studintestop
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)