Fryske PVV-ers stappe op

22 mrt 2014 - 11:36

Otto van der Galiën en Pieter Buisman stappe út de Fryske steatefraksje fan de PVV. Dat hawwe se sneon bekend makke. De twa kinne har net fine yn de útlittings fan partijlieder Geert Wilders oer Marokkanen. It tredde PVV-steatelid, Max Aardema, bliuwt wol oan.

Geert Wilders frege woansdei op in partijbyienkomst oft de oanwêzigen mear of minder Marokkanen wolle yn Nederlân, dy raasden manmachtich 'minder'. Dat smiet in soad reaksjes op. Twa PVV-Keamerleden stapten op en ek de lieder yn it Europeesk Parlemint wol net mear fierder mei Wilders.

It is noch net bekend hoe't de opstapte PVV-leden fierder gean. Max Aardema wachtet op fierdere útlis fan Wilders en beslút begjin nije wike oft er by de PVV bliuwt of út de partij stapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)