Slimme bedriging yn Aldeboarn

(stockfoto) © ANP XTRA
In 70-jierrige ynwenner fan Smilde is freedtemoarn yn Aldeboarn oanhâlden, hy wurdt fertocht fan bedriging en poging ta swiere mishanneling. De fertochte wie op in bedriuweterrein oan de Bordego doe't it slachtoffer him frege fan syn hiem ôf te gean.
Der ûntstie spul en dêrby waard de 57-jierrige ynwenner fan Aldeboarn bedrige mei in stekfoarwerp en waard besocht him te slaan. De man hat oanjefte dien en de fertochte is oanhâlden.