Brânstichter út Eastrum oppakt

22 mrt 2014 - 11:03

De plysje fertinkt in 35-jierrige ynwenner fan Eastrum fan brânstichting. De man soe freedtejûn besocht ha in hûs yn syn wenplak yn 'e brân te stekken. Dêrfoar hie er al ferskate ruten fan it hûs fernield. Troch fluch hanneljen fan de bewenners koe in echte brân foarkaam wurde.

Doe't plysjes mei dy bewenners stienen te praten, besocht de man ek syn eigen hûs yn 'e brân te stekken. De man is foar fierder ûndersyk meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
brânstichting Eastrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)