Te hurd op de Tsjommerdyk

22 mrt 2014 - 09:54

By in plysjekontrôle earder dizze wike yn Frjentsjer binne hast 200 minsken op de bon gien. De kontrôle waard hâlden op de Tsjommerdyk nei klachten fan omwenners oer te hurd riden. De grutste oertreder hie 75 kilometer op de teller stean, op de dyk mei 50 kilometer yn de oere riden wurde. De plysje hâldt yn de takomst mooglik mear kontrôles op it stik dyk.

(advertinsje)
(advertinsje)