Asbest sit hockeyklup dwers

22 mrt 2014 - 08:44

De hockeyklup fan Harns hat hast alle wedstriden fan dit wykein ôfsizze moatten. Oarsaak is de fynst fan asbest yn it kluphûs, dat is dêrom troch de gemeente ôfset. Hoelang't de ôfsetting duorret is net dúdlik, de klup giet der fanút dat dat yn elk gefal oant en mei nije wike is. Omdat de keepersklean ek yn it kluphûs lizze, giet it grutste diel fan de útwedstriden ek net troch.

Allinne de hearen feteranen spylje wol, omdat de keeper syn útrissing thús hat. Ek de jongste jeugd kin spylje troch materiaal fan de tsjinpartij te brûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)