Buerttún Oranjehof iepene

Wethâlder Isabelle Diks fan de gemeente Ljouwert hat freed Het Oranjehof iepene. Het Oranjehof is in buerttún dy't oanlein is yn de Oranjewyk yn Ljouwert. Ynwenners fan de Oranjewyk fûnen it frjemd dat der in lyts fjildsje by har yn de wyk wie dat net brûkt waard en dêrom hawwe se dêr in soarte fan folkstún fan makke. Op dizze wize wurdt de grûn dochs nuttich brûkt.
Omwenners dy't gebrûk meitsje fan dizze tunen betelje 35 euro yn it jier. Wethâlder Diks is tige bliid mei dizze buerttún.