Foarkarstimmen, mar net yn rie

21 mrt 2014 - 16:21

Ald-wethâlder Jan Henk Veenhouwer komt net yn de gemeenteried fan Eaststellingwerf, ek al hat er woansdei in protte foarkarstimmen krigen. Dat hat syn partij, de VVD, freedtemiddei bekend makke. Veenhouwer stie 15e, mar krige dochs 181 stimmen. Allinnich de listlûker krige mear.

De âld-wethâlder fynt net dat it om kiezersbedroch giet, om't er yn it foar dúdlik oanjûn hat dat er net yn de ried wol. Veenhouwer is wol beskikber foar nochris fjouwer jier wethâlder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)