Byld fan iis op it Saailân

21 mrt 2014 - 15:22

Learlingen fan it Friesland College binne freed dwaande om in iisskulptuer te meitsjen op it Saailân yn it sintrum fan Ljouwert. IIskeunstner Rolf Doderlein de Wit helpt harren. It byld is oardel meter heech en waacht 300 kilo. De skulptuer moat in iisfoarstin foarstelle. De reden fan pleatsing is de strjitopera De iisfoarstin dy't Tryater mids maaie opfiere sil.

De iisskulptuer wurdt no makke, omdat no de maitiid begjint. It teiende iis fan de skulptuer stiet foar de oergong fan de winter nei it foarjier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)