SC Hearrenfean sûnder Kum

SC Hearrenfean spilet sneon de thúswedstriid tsjin NEC. Dat dogge sy sûnder de skorste Christian Kum. Dy krige read yn de wedstriid tsjin Feyenoord ôfrûne wike. Ek Pele van Anholt is skorst. Mitchell Dijks, Ramon Zomer en Antony Lurling binne blesseard. SC Hearrenfean stiet op in feilich sechde plak, mei 43 punten út 28 wedstriden.
It heljen fan de play-offs liket wol sa'n bytsje wis. Dochs wol trainer Van Basten in reaksje fan syn ploech op de matige fertoaning fan ferline wike doe't kânsleas ferlern waard fan Feyenoord.