Dieven nimme sterke drank mei

21 mrt 2014 - 12:46

De plysje docht ûndersyk nei in wenningynbraak dy't tongersdeitejûn plakfûn yn de Akeleistrjitte yn Ljouwert. De ynbrekkers kamen deryn troch in keukenrút en namen sieraden, jild en in laptop mei.

Boppedat waarden flessen frisdrank en sterke drank stellen. De 25-jierrige bewenster fan de wenning hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Ljouwert wenningynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)