Frou út Seisbierrum oanriden

21 mrt 2014 - 12:44

In 34-jierrige frou út Seisbierrum is tongersdeitemoarn ferwûne rekke, doe't se yn har auto fan achteren oanriden waard troch in auto bestjoerd troch in 49-jierrige man út Ljouwert.

De frou stie by de Frjentsjerterdyk yn har wenplak op in foarsortearplak doe't se oanriden waard troch de Ljouwerter. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
ûngelok Seisbierrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)