Oerfaller wurdt foarlaat

21 mrt 2014 - 11:41

De 45-jierrige man dy't fertocht wurdt fan de oerfal op in tankstasjon oan de Frittemaleane yn Snits fan begjin febrewaris wurdt freed foarlaat oan de offisier fan justysje en oan de rjochter-kommissaris.

De oerfaller bedrige it personiel mei in pistoal en easke jild. Dêrnei naaide er út. De fertochte koe oanhâlden wurde om't tsjûgen op byldmateriaal seagen wa't de oerfaller wie. De man hat gjin fêst wenplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)