Ferlies foar follybalfroulju

De follybalfroulju fan Snits (argyffoto)
De follybalfroulju fan Snits hawwe tongersdei yn de play-offs mei 3-2 ferlern fan Peelpush. Yn eigen hal begûnen de Snitser froulju goed oan de wedstriid. De earste set waard wûn mei 25-19. In soad flaters yn de passing by de ploech fan trainster Petra Groenland soarge derfoar dat Peelpush de twadde set mei 20-25 wûn.
De tredde set wie mei 25-20 foar Snits, wêrnei't Peelpush op 'e nij op likense hichte kaam yn de fjirde set mei 20-25. Yn in beslissende fyfde set pakte Peelpush de einoerwinning mei in 9-15 setwinst.