Ambulânsepost Dokkum wer iepen

21 mrt 2014 - 09:41

Kijlstra ambulânseferfier wurket sûnt tongersdei út in folslein fernijde ambulânsepost yn Dokkum wei. De post op it terrein fan De Sionsberg waard de ôfrûne tiid ferboud, sadat ek der mear romte is foar foarried en de auto fan de Dokterswacht dêr ek stean kin. De post is útwreide mei in nije oanbou fan goed 160 fjouwerkante meter.

Ynkoarten sil Kijlstra in iepen dei organisearje foar ynteresearre minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)