Sûn skoalplein yn Ljouwert

It earste 'Sûne Skoalplein' fan Fryslân komt yn Ljouwert. De direksjes fan de Prins Constantijnskoalle en de Ljouwerter Montessoriskoalle ha tongersdei in sjek fan 50.000 euro krigen. It jild komt fan Jantje Beton. Der komme 70 'Sûne skoalpleinen' yn Nederlân, wêrfan twa yn Fryslân. Hoe't it skoalplein der út komt te sjen, is noch net dúdlik, omdat de masters, juffen, skoalbern en wykbewenners dat noch betinke moatte. De eask is wol dat der gebrûk makke wurdt fan grien, bulten sân, beammen en wetter.