Webside Tresoar fernijd

De webside fan Tresoar is fernijd. It Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum yn Ljouwert hat in skat oan Fryske skiedkundige ynformaasje. Fia de nije webside www.tresoar.nl krije besikers tagong ta de brede kolleksje en kinne se ferhalen ûntdekke, ûndersykje én sels fertelle. Bygelyks oer in bysûndere famyljeskiednis, in nijsgjirrich plak of in opmerklik foarfal. Minsken kinne op de webside ferhalen meitsje mei de kolleksje fan Tresoar en de eigen kolleksje.
Oant en mei ein maaie 2014 organisearret Tresoar ek in ferhalewedstriid. Elkenien is útnoege om in ferhaal te meitsjen en te pleatsen op www.tresoar.nl. Wykliks nominearret Tresoar fjouwer bysûndere ferhalen. Fia in stimronde wurdt de winner fan de wike keazen. De ferhalen fan de tsien winners fan de wike ferskine yn in boekje.