Trochstart foar De Tille

20 mrt 2014 - 09:59

De eardere boekhannel De Tille yn Ljouwert bliuwt mooglik wol iepen. Woansdei is oerienstimming berikt oer in trochstart fan seis Polare-festigings, wêrûnder dy yn Ljouwert. It plan is no dat allinnich noch op de begeane grûn fan De Tille boekferkeap plakfynt. De twaddehâns boeken fan De Slegte soenen dan weromkomme yn de winkel dêr't se earder ek ferkocht waarden, by Van der Velde op de Nijstêd. Mei de eigener fan De Tille, de menistetsjerke, wurdt praat oer de hierpriis. Yn de plannen soenen de measte wurknimers oan it wurk bliuwe kinne.

Boekhannel Van der Velde wol de eardere boekhannel oernimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)