Himpkwekerij yn Ljouwerter hûs

20 mrt 2014 - 09:47
Himp - Foto: ANP XTRA

Yn Ljouwert is woansdei yn in hûs oan de Gerbrandywei in himpkwekerij oantroffen mei 300 planten. De plysje hat dêrby in 24-jierrige Ljouwerter oanhâlden. De planten binne ferneatige. De man is ynsletten yn ôfwachting fan it ûndersyk.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje himp
(advertinsje)
(advertinsje)