Frjentsjerter mishannelet man

20 mrt 2014 - 09:42

Yn Frjentsjer hat de plysje woansdeitemiddei in 56-jierrige man út dat plak oanhâlden. Hy soe in 55-jierrige buertbewenner mishannele hawwe op de Gerbrandystrjitte. Hy soe it slachtoffer ferskate kearen slein ha. De fertochte is oerbrocht nei it buro. De plysje ûndersiket de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)