Lokale partijen grutte winner

20 mrt 2014 - 06:07

De regearingspartijen PvdA en VVD wurde lykas lanlik, ek yn Fryslân hurd ôfrekkene op harren kabinetsbelied. By de gemeenteriedsferkiezings fan woansdei ferlear de PvdA rûnom yn ús provinsje mei elkoar 13 sitten. De VVD moat it mei sân sitten minder dwaan yn de ferskate gemeenterieden. De lokale partijen profitearje en winne meielkoar yn Fryslân 16 sitten. Fierder wie der winst foar D66, SP en FNP. It CDA ferlear licht.

It gemiddelde opkomstsifer yn Fryslân wie 60,6 prosint. Dat wykt net in soad ôf fan fjouwer jier lyn.

De heechste opkomst wie op Skiermûntseach, sa'n 85 prosint. Dêrmei stiet it eilân ek lanlik oan kop. Ek I*t Amelân skoarde in opkomstsifer fan boppe de 80 prosint. Meielkoar wiene der ferkiezings yn 21 Fryske gemeenten. Yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren wiene yn novimber al ferkiezings fanwege de weryndieling dêr.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)