FNP ferdûbelet yn Frjentsjer

20 mrt 2014 - 01:00

De FNP hat it tal sitten yn Frjentsjeradiel ferdûbele by de gemeenteriedsferkiezings. Mei 17,1 prosint fan de stimmen komt de partij út op 4 sitten yn de ried. Gemeente Belangen is lykas by de foarige ferkiezings de grutste partij mei 23,3 prosint, goed foar 5 sitten. It CDA bliuwt stean op 4 sitten en is de twadde partij.

De PvdA ferliest in sit en komt út op 2. Dat jildt ek foar de VVD dy't no noch 1 sit hat, dat jildt ek foar D66. De ChristenUnie en GrienLinks hâlde harren sit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)