Gjin ferskowing Littenseradiel
SAM is lykas yn 2010 de grutste partij yn de gemeente Littenseradiel. By de gemeenteriedsferkiezings helle de partij 30,5 prosint fan de stimmen en bliuwt dêrtroch stean op 5 sitten. Ek by de oare partijen wienen der gjin ferskowings yn it tal sitten. It CDA hâldt 4 sitten, lykas de FNP. De VVD moat it dwaan mei 2 sitten.