FNP no grutste yn Kollumerlân

20 mrt 2014 - 00:08

De FNP is de nije grutste partij yn de gemeente Kollumerlân. De partij helle 25,9 prosint fan de stimmen en komt út op 4 sitten. Grutte ferliezer wie it CDA dat fan 33,7 prosint sakket nei 23,1 prosint en ek útkomt op 4 sitten.

De VVD hat mei 22,7 prosint 3 sitten, de PvdA folget mei 2, lykas de ChristenUnie.

(advertinsje)
(advertinsje)