CDA grutste yn Ferwerderadiel

Gemeente Ferwerderadiel
It CDA bliuwt de grutste partij yn Ferwerderadiel. De partij komt mei 1030 stimmen út op 4 sitten. De FNP is lykas yn 2010 de twadde partij mei 3 sitten. Gemeente Belangen Ferwerderadiel hat like folle sitten. PvdA en VVD binne de grutste ferliezers en komme beide út op 1 sit. Dat jildt ek foar de ChristenUnie.
Lykas yn 2010 kaam 55,9 prosint nei it stimburo yn Ferwerderadiel.