Flylân earste útslach Nederlân

19 mrt 2014 - 21:28

Flylân is de earste gemeente yn Nederlân dy't de útslach fan de gemeenteriedsferkiezings bekend makket. Dat die boargemaster Ella Schadd-de Boer op Omrop Fryslân radio. De opkomst wie 65 prosint. De VVD bliuwt de grutste partij op it eilân, mei 254 stimmen. Algemeen Belang Vlieland waard twadde mei 204 stimmen. GroenWit, dy't dit jier foar it earst meidie oan de ferkiezings, waard tredde mei 121 stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)