Soad folmachtstimmers wegere

19 mrt 2014 - 21:03

De stimburo's yn Smellingerlân hawwe woensdei frijwat folmachtstimmers wegere om't se net de ferplichte kopy fan it ID fan de folmachtjouwer sjen litte koene. Boargemaster Van Bekkum tinkt dat de regel dat in folmacht allinnich jildich is yn kombinaasje mei in ID-kopy noch te ûnbekend is. Hy wol hjirfoar oandacht freegje by it Ryk.

Kiezers reagearje lulk of teloarsteld. Om't je net in twadde kear stimme meie, geane in soad stimmen ferlern. Allinnich yn Smellingerlân giet it mooglik al om hûnderten stimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)