Opkomst leit om 25% hinne

19 mrt 2014 - 16:07

De opkomst by de gemeenteriedsferkiezings yn Fryslân lei om 15.00 oere hinne om de 25 persint hinne. Op de Waadeilannen is de opkomst sa as gewoan wer heech. Op Skiermûntseach is it persintaazje it heechst mei 57 prosint. Dêrnei folget It Amelân mei hast 50 prosint en Flylân mei 43 prosint. Utsjitters op it fêstelân binne Dantumadiel mei 33 prosint en Harns, Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel hienen elk 29 prosint. Stimme kin noch oant 21.00 oere woansdeitejûn.

De útslach is woansdeitejûn live op radio en televyzje by Omrop Fryslân.

It programma begjint om 19.00 oere earst op de radio. Tema's binne bygelyks de earste jierren fan de nije gemeente Súdwest Fryslân en de muoisume gearwurking yn Noardeast Fryslân. Trije 'senioaren' út de Fryske polityk fertelle oer har wurk as riedslid en hoe't se dat belibbe hawwe.

Om 21.00 oere is it programma ek op TV te sjen. Der binne live-TV-ferbinings mei fjouwer plakken yn de provinsje: Snits, Dokkum, Harns en Drachten. Yn de studio reagearje ferskate gasten op de earste útslaggen. It spesjale ferkiezingsprogramma duorret nei alle gedachten oant ien oere nachts.

Opkomstsifers gemeenteriedsferkiezings om 15.00 oere:

Achtkarspelen 25 %
Amelân 49 %
Dantumadiel 33 %
Dongeradiel 28 %
Eaststellingwerf 26 %
Ferwerderadiel gjin sifers bekend
Flylân 43 %
Frjentsjerteradiel 22 %
Harns 30 %
It Bilt 22 %
Kollumerlân 28 % (stimburo gemeentehûs)
Littenseradiel 23 %
Ljouwerteradiel 29 %
Menameradiel 32 % (16.00 oere)
Opsterlân 28 %
Skiermûntseach 57 %
Skylge gjin sifers bekend
Smellingerlân gjin sifers bekend
Súdwest-Fryslân 28 %
Tytsjerksteradiel 29 %
Weststellingwerf 27 %

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)