Ballast Nedam mei Thialf bouwe

Boubedriuw Ballast Nedam mei dochs de fernijbou fan iisstadion Thialf dwaan. Dat wie de útspraak fan de rjochter woansdei. De trije ferliezende boukombinaasjes Dijkstra/Draisma-Jorritsma, VolkerWessels en Friso en Van Wijnen, hiene in koart pleit oanspand tsjin de gunning. Se fine dat de proseduere net goed gien is en dat har net dúdlik makke is wêrom't Ballast Nedam de bêste kandidaat is.
De rjochter fage de fjouwer beswieren fan dy partijen fan tafel.
De direksje fan Thialf sil tongersdei of uterlik freed it wurk offisjeel gunne oan Ballast Nedam. Takom wike geane beide partijen dan yn oerlis oer de bou. Troch de útspraak fan de rjochtbank rint de ferbou gjin fertraging op. Ek in eventueel heger berop hat gjin gefolgen foar de fernijbou.