Undersyk brân Rottefalle klear

19 mrt 2014 - 12:29

De grutte brân yn de garaazje op De Rottefalle fan twa wike lyn is nei alle gedachten feroarsake troch wurksumheden yn de garaazje en net troch in oarsaak fan bûtenôf. De plysje hat it ûndersyk nei de brân ôfsletten. By de brân wiene ferskate knallen te hearren. Der rekke net ien ferwûne. It gebou, mei dêryn ferskate auto's, gie folslein ferlern. Wol koe it neistlizzende wenhûs foar it grutste part behâlden wurde.

Trefwurden: 
brân De Rottefalle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)