Wikseljend byld oer opkomst

19 mrt 2014 - 12:00

Om 11.00 oere hinne wie it byld fan de opkomstpersintaazjes by de gemeenteriedsferkiezings ferskillend yn de provinsje. Sa hat op Skiermûntseach al 31 prosint fan de minsken stimd, dat is it heechst persintaazje oant no ta. Ek op de oare waadeilannen wurdt goed stimd, sa hat op It Amelân goed 23 prosint stimd en op Flylân wie dat 21 prosint. It leechste persintaazje is oant no ta yn de gemeente Eaststellingwerf mei goed 6 prosint. Yn tal fan oare gemeenten leit it om de tolve prosint hinne.

De opkomstsifers fan de gemeenteriedsferkiezings om 11.00 oere hinne.

Achtkarspelen 11,42 %
Amelân 23,55 %
Dantumadiel 13 %
Dongeradiel 13 %
Eaststellingwerf 6,4%
Ferwerderadiel neat krigen
Flylân 21%
Frjentsjerteradiel 12,7%
Harns 13,1 %
It Bilt 20 % (om 12.00 oere)
Kollumerlân lytse 16 %
Littenseradiel 10 %
Ljouwerteradiel 12,5 %
Menameradiel 17 % (om 12.00 oere)
Opsterlân 12 %
Skiermûntseach 31 %
Skylge neat krigen
Smellingerlân 19 % (stimburo gemeentehûs)
Súdwest-Fryslân 13,04 %
Tytsjerksteradiel 12 %
Weststellingwerf 15 %

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)