Jild foar wifi foar toeristen

19 mrt 2014 - 11:46

Toeristyske lokaasjes yn de provinsje kinne jild krije om in wifi-netwurk oan te lizzen. De provinsje stelt hjir subsydzje foar beskikber. Organisaasjes dy't subsydzje oanfreegje kinne, binne bygelyks winkelljuferienings, pleatslike belangen of in VVV. Ferline jier krigen Langwar, Heech, Appelskea, Wâldsein en Snits al fergees wifi as proef en yn Harns wurdt ek al in wifi-netwurk oanlein. As toeristen ynlogge op it wifi-netwurk komme se op de webside fan beleeffriesland.nl en dêr fine se ynformaasje oer it plak dêr't se op dat stuit binne.

Neffens de provinsje kinne toeristen tsjintwurdich net mear sûnder wifi en is it in needsaaklik ynvestearring.

Trefwurden: 
toerisme wifi
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)