Fytsedieven oanhâlden

19 mrt 2014 - 10:04
Foto: ANP XTRA

Twa Ljouwerters fan 19 en 22 jier binne tiisdei yn de haadstêd trappearre by it stellen fan in fyts. De plysje seach dat it duo fertocht die by de fytsestalling op it stasjon. Letter seagen se de mannen mei in fyts rinnen. Se binne oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. Ien fan har hie in skroevedraaier by him.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje stellerij
(advertinsje)
(advertinsje)