Stimdei ferkiezings 2014

19 mrt 2014 - 06:18

Yn 21 gemeenten yn de provinsje binne woansdei ferkiezings. De ôfrûne wiken ha de ferskate politike partijen der fan alles oan dien om de stim fan de kiezer te winnen. Woansdei moat de bûter jild jilde, mar de aksjes binne noch net dien. Rûnom wurdt der noch fan alles oan dien om minsken nei de stimbus te krijen. Sels politisy fan gemeenten dy't yn novimber al stimd hawwe komme yn aksje. Der kin stimd wurde fan 7.30 oant 21.00 oere.

De gemeente Weststellingwerf hat in oantal aksjes betocht om mear minsken nei de stimbus te krijen.

Sa docht boargemaster Van Klaveren in oprop yn in filmke op de ferkiezingsside fan Weststellingwerf. En sil de boargemaster moarns fan 6.26 oere ôf flyerje op it treinstasjon yn Wolvegea. Tegearre mei in oantal stazjêres en noch in pear minsken fan it amtlik apparaat. Hy docht dat mei in spesjale flyer mei in ferwizing nei twitter en in app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)