CU: noed oer asbestsanearring

18 mrt 2014 - 21:18

De provinsjale fraksje fan de ChristenUnie makket har soargen oer de sanearring fan asbestdakken. Mei it projekt 'Asbest eraf, zonnepanelen erop' moatte yn 2024 alle asbestdakken fan agraryske bedriuwen ferfongen wêze.

Dochs liket it der neffens de ChristenUnie op dat mar in lyts part fan de boeren gebrûk makket fan de stimulearringsregeling. Yn dy regeling krije boeren finansjele stipe om it asbest te ferfangen troch sinnepanielen. De ChristenUnie wol oanfoljende maatregels om de doelstelling dochs te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)