Liening foar PI-groep Drachten

18 mrt 2014 - 20:07

Mei troch in liening fan de provinsje kin de PI-groep yn de Drachten in nij wensoarchkompleks bouwe. De GGZ-ynstelling sit yn de wenwyk Vrijburg al trije jier yn in tydlik ûnderkommen. Op de lokaasje wurdt psychiatryske help jûn oan 24 jongeren. Nijbou hat lang op him wachtsje litten om't de finansiering fan 3,5 miljoen euro mar net rûn kaam.

De provinsje jout de PI-groep no in liening fan acht ton út it wurkgelegenheidsplan Wurkje foar Fryslân. It is foar it earst dat der in bedrach út it baneplan útliend wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)