Barkmeijer rint oarder mis

De fearboat fan Teksel © ANP
Minister Kamp fan Ekonomyske Saken nimt gjin maatregels om de bou fan de nije fearboat nei Teksel yn Nederlân te hâlden. Barkmeijer Shipyards út Strobos is yn de race om de oarder te krijen, mar de opdracht driget nei in Spaansk bedriuw te gean. Der soe lykwols sprake wêze fan falske konkurrinsje, omdat de Spaanske oerheid it bedriuw subsydzjes jout. Kamp ûntkent dit.
As Barkmeijer dizze opdracht net krijt, rint it oardel jier oan wurk mis. It skip soe boud wurde yn Harns.