Kwalik konkurrinsje foar Crone

Der hawwe twa minsken sollisitearre nei it boargemasterskip fan de gemeente Ljouwert. Ien fan har is de waarnimmend boargemaster, Ferd Crone. De oar is ek in man. Hy is lid fan de Europese Klokkenluiders Partij.
Troch de weryndieling moat der offisjeel in nije boargemaster komme. De gemeente Ljouwert hat in part fan Boarnsterhim der by krige. Dêrtroch is Ferd Crone op dit stuit waarnimmer. Yn maaie wurdt bekend wa't de nije boargemaster fan Ljouwert wurdt.
Kommissaris Jorritsma bepaalt hokker kandidaten foarlein wurde oan de betrouwenskommisje út de gemeenteried.