Soad belangstelling TEL2014

De animo foar in stand op de sakebeurs TEL2014, de opfolger fan de Bedriuw -en Kontaktdagen yn Ljouwert, nimt ta. Der steane 300 standhâlders op de beurs en dat wienen ferline jier 260. Boargemaster Crone fan Ljouwert hat tiisdei de twadde edysje fan de sakebeurs iepene. TEL2014 is bedoeld foar ûndernimmers en tsjinstferlienende organisaasjes en ynstellings.
Der wurde tiisdei en woansdei mear as 15.000 sakelju ferwachte. As dat oantal helle wurdt dan binne dat der hast trijetûzen mear as ferline jier.